1. DEGFR
1 9 7 0 1 37 8 9 0 8 29
ISBN 978-90-821970-1-3
‘Al dy oare reuzen haffelt alle jûnen minskbrokkels, mar ik net!
Ik ist de iennichste leave en goeierige reus yn Reuzelân! Ik ist
de GRUTTE FREONLIKE REUS! Ik ist de GFR. Wa bisto?’
‘Ik bin Sofie,’ sei Sofie.’
De GFR. Wa kent ‘m net?. Mei syn krûmpraterij, syn
fripsdrippers en snoaskommers, syn dreamfangerij,
mei syn njoggen minskfrettende buormanreuzen
én de lytse Sofie, dy’t pardoes yn de reuzewrâld
fan de GFR bedarret, hat de Grutte Freonlike Reus
de herten fan miljoenen bern oer de hiele wrâld
stellen. Net om ‘e nocht dat der yn de simmer fan
2016 in Spielberg-film oer de GFR útkaam is!
Yn in firtuoaze oersetting fan Martsje de Jong
en mei prachtige kleureyllustraasjes fan Hilda
Groenesteyn komt de fantastyske dreamwrâld
fan de GFR no einlings ek yn it Frysk ta ús. Poere
lêswille, foar jong en âld!
www.roalddahl.com
DE
GFR